AZC Drachten teloarsteld yn beslút BBB

23 apr 2015 - 09:29
  • (argyffoto)

Wurkgroep AZC Drachten is teloarsteld yn it beslút fan de VVD en PvdA. De groep fangt al jierren útprosedearde asylsikers op en jout se bêd, bad en bôle. Dêrby krijt de groep finansjele stipe fan de gemeente Smellingerlân.

Mar mei it nije kompromis dat juster yn Den Haach sletten is, mei dat net mear. De VVD en PvdA hawwe besletten dat útprosedearde asylsikers allinne noch yn Amsterdam, Rotterdam, Den Haach, Utrecht en Eindhoven te plak kinne.

De wurkgroep hopet dat it beslút by de Raad van State noch oanpast wurde sil en se harren opfangsintrum net slúten hoegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)