AZC Drachten mooglik grutter

10 sep 2006 - 14:05

It asyksikerssintrum yn Drachten wurdt mooglik útwreide fan 400 nei 600 opfangplakken. It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers (COA) hat de gemeente Smellingerlân frege om dêr oan mei te wurkjen.

De ôfrûne jierren binne in soad AZC's sletten, mar yntusken hat bliken dien dat der dochs te min romte is om asylsikers opfange te kinnen. De tydlike útwreiding soe duorje moatte oant 2009.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)