AZC-dosinten Nederlânsk lilk

13 feb 2001 - 17:29

Dosinten Nederlânsk driigje mei alternative taallessen bûten de asylsikerssintra. Se binne lilk oer de nije frjemdlingewet dy't op 1 april yngiet.

Nei de earste ôfwizing fan 'e asyloanfraach meie asylsikers tenei gjin Nederlânske les mear folgje. De twadde beoardieling kin lykwols wol in pear jier duorje. Fryske tsjerken begjinne in hantekenaksje tsjin dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)