AZC Burmania definityf ticht

28 feb 2005 - 17:35

De ûnderdaklokaasje foar útprosedearre asylsikers Burmania yn Ljouwert, giet tiisdei definityf ticht. Yn it eardere AZC oan de Troelstrawei wie plak foar twahûndert útprosedearden dy't sels plannen hiene om werom te gean.

De 49 bewenners dy't noch yn de opfang sieten, binne de ôfrûne dagen nei oare opfangsintra ferhuze. De karavans op it terrein wurde de kommende dagen fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)