Azc Burgum bliuwt iepen

16 jan 2005 - 13:11

It azc yn Burgum bliuwt foar ûnbepaalde tiid iepen. Dêroer hawwe de gemeente Tytjerksteradiel en it sintraal orgaan foar de opfang fan asylsikers, it COA, in akkoart berikt.

It ienige foarbehâld is dat de provinsje it bestimmingsplan Burgum-west goedkarre moat. As dat net gebeurt, dan kin it azc noch heechút fjouwer jier stean bliuwe. It azc yn Burgum is ien fan de tsien noch besteande asylsikerssintra yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)