AZC-bewenners moandei werom

28 nov 2008 - 11:05

De tsien bewenners dy't nei de brân yn it asylsikerssintrum fan Dokkum nei it azc fan Musselkanaal oerbrocht binne, kinne moandei werom nei Dokkum. Se hawwe freedtemoarn mei help fan 'e technyske resjerzje persoanlik guod út 'e apparteminten helle.

De plysje tinkt dat de brân fan tongersdeitenacht feroarsake is troch in stikkene waskdroeger. Earder dit jier hat ek brân west yn it azc troch in frituerpanne dy't te hyt wurden wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)