'Azc-bern krije te fet iten'

16 des 2006 - 13:06

Bern yn asylsikerssintra krije net goed te iten. Sa is har iten oer it gehiel te fet en krije se te min fitaminen binnen. Dat docht bliken út ûndersyk fan ynternisten fan it universitêr sikehûs (UMCG) yn Grins en it MOA, de medyske opfang asylsikers.

Se ha by trije noardlike sintra, werûnder yn Drachten, ûndersyk dien. Fan de ûndersochte bern is 13 persint te dik en 5 persint sels fierstente grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)