AZC Appelskea dit jier ticht

04 apr 2005 - 17:21

It azc fan Appelskea giet 31 augustus definityf ticht. Dat hat it Sintraal Orgaan foar de opfang fan asylsikers bekend makke. It wie al langer bekend dat it asylsikerssintrum ticht gie om't it tal flechtlingen weromrint dat nei Nederlân komt.

It AZC fan Appelskea waard fiif jier lyn iepene. Der wennen 500 asylsikers yn karavans. Troch de sluting ferdwine 16 arbeidsplakken. Foar it personeel is in sosjaal plan ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)