Azc Appelskea bliuwt iepen

05 okt 2006 - 12:24

It asylsikerssintrum yn Appelskea bliuwt ek yn 2007 iepen. Dat hat it Centraal Orgaan Asielzoekers besletten. De organisaasje docht dat om't it tal opfangplakken foar asylsikers minder omleech gien is as earder tocht waard.

In soad oare azc's ticht omdat de kontrakten mei de gemeenten ôfrinne. It azc yn Appelskea waard desimber ferline jier opnij iepene, earst foar in jier. Der wenje 500 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)