AZ wol Roy Beerens keapje

19 jul 2011 - 14:52
  • Roy Beerens

AZ en Sportklup Hearrenfean prate noch oer in mooglike transfer fan Hearrenfean-spiler Roy Beerens nei AZ. Neffens Hearrenfeandirekteur Robert Veenstra is der noch hieltyd kontakt, mar hy wol it net ûnderhanneljen neame. Op dit stuit wol AZ net betelje wat Hearrenfean foar Beerens freget.

Wol seit Veenstra dat hy tinkt dat Hearrenfean de kommende dagen in nije spiler presintearje kin. Dat soe gean om Mitja Resek fan NK Maribor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)