AZ wit fan neat

21 okt 2009 - 15:11
  • AZ hat gjin kontakt hân mei Romke Kooyenga

Fuotbalklup AZ yn Alkmaar is fernuvere oer de meidieling dat de Dokkumer multymiljonêr Romke Kooyenga de nije shirtsponsor fan fuotbalklup AZ wurde wol. AZ hat hielendal noch gjin kontakt hân mei de Dokkumer, sa seit in wurdfierder.

It kloppet dat se by AZ noch neat heard ha fan Romke Kooyenga, want dy hat rjochtstreeks kontakt hân mei de kurator fan de DSB-bank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)