AZ hat Hearrenfean yn 'e bûse

26 apr 2013 - 23:48
  • SC Hearrenfean mei 4-0 ûnderút tsjin AZ
  • SC Hearrenfean mei 4-0 ûnderút tsjin AZ
  • SC Hearrenfean mei 4-0 ûnderút tsjin AZ

SC Hearrenfean hat freedtejûn in pak op 'e bealch krigen fan AZ. Yn it Abe Lenstra stadion einige de wedstriid yn in 4-0 oerwinning foar de Alkmaarders.

Nei in lyts heal oere iepene Jozy Altidore de skoare troch de bal fia de kluts efter Nordfeldt te koppen. Trije minuten letter ferdûbele âld-Hearrenfeanspiler Roy Beerens de skoare. Yn de twadde helte kreëarre Hearrenfean amper kânsen en bepaalde AZ fia Gudmundsson en opnij Altidore de 0-4 einútslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)