AZ easke 2 miljoen fan Alves

29 jan 2008 - 02:21
  • Afonso Alves mei syn beide advokaten Pim de Vos en Luiz Ribeiro
  • Alves woe moandei sels net mei de media prate

AZ soe twa miljoen euro easke ha fan Afonso Alves yn ruil foar it ôfsjen fan mooglike rjochten op de fuotballer. Luiz Ribeiro, de Brazyljaanske advokaat fan Alves, sei dat moandei op de sitting fan de arbitraazjesaak fan Alves tsjin AZ.

Advokaat Vilé fan AZ joech ta dat der praat wie oer in 'ôfkeapsom', mar woe gjin bedrach neame. Ribeiro is tsjin sa'n betelling. As der gjin kontrakt is, hoege je dat ek net ôf te keapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)