Award foar ynset foar eskimo's

28 okt 2005 - 11:08

Frou Sorgdrage-Mather út Driebergen hat woansdei de Willem Barentz Award 2005 krigen. De ûnderskieding waard oerlange troch boargemaster Visser op it gemeentehûs fan Skylge. De Award is in opstekker foar immen dy't him ynset foar arktyske folken.

Frou Sorgdrager hat har ynspand foar it behâld fan de kultuer en it wolwêzen fan de eskimo's, doe't sy yn Noard- Kanada wenne. Mei de útrikking gie ek it Willem Barentz-festival fan start.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)