Awa woansdei foar riedkeamer

24 aug 2004 - 10:17

De 16-jierrige Awa, dy't fertocht wurdt syn eks-freondinne yn brân stutsen te hawwen, moat woansdei foar de riedkeamer yn Ljouwer ferskine. Dêr wurdt dan besletten oft it foararrest fan 'e Ljouwerter mei nochris tritich dagen ferlingd wurdt. Dan wurdt ek dúdlik oft der mear oanjeften dien binne tsjin de rapper.

It Iepenbier Ministearje wol no noch neat sizze oer mooglike oare oanjeften tsjin de Ljouwerter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)