Awa giet yn heger berop

08 jan 2005 - 15:28

Awa (17) giet yn heger berop tsjin syn feroardieling. Awa waard ferline wike foar de Ljouwerter rjochtbank feroardiele ta oardel jier sel en TBS, omdat hy syn freondinne mei terpentine yn 'e brân stuts. Dat die er omdat it slachtoffer in fakânsjeleafde hân hie.

Awa waard berjochte as in folwoeksene. Krekt dat lêste is de wichtichste reden om yn berop te gean tsjin de straf. It Iepenbier Ministearje giet ek yn heger berop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)