Avanti wint FK sealfuotbal

15 jan 2011 - 19:17

Avanti út Stiens is sneon winner wurden fan it iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal. Yn de finale waard mei 2-1 wûn fan Drachtster Boys. It winnende doelpunt kaam op namme fan Mohamed Faraouni. De tredde plakken wienen foar de Herauten en Drs Vijfje.

By de froulju wûn Drachtster Boys de finale wol. Atty Eelkema skeat de Drachtsters tsjin VIOD mei de beslissende pingel nei it earste plak. De finale wie nei ferlinging einige yn in 1-1 lykspul.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)