Avanti wint fan lânskampioen

17 okt 2009 - 10:48
  • Avanti soarge foar in ferrassing (foto: Martin de Jong)

Sealfuotbalklup Avanti út Stiens hat foar in ferrassing soarge. De ploech wûn freedtejûn fan lânskampioen FC Marlène út Heerhugowaard. Yn de eigen hal waard it 4-3. By rêst stie Avanti noch achter mei 3-1.

It winnende doelpunt waard trije minuten foar de ein fan de wedstriid makke troch Tim Hof. Avanti spilet sûnt dit seizoen yn de topdivyzje fan it sealfuotbal. De ploech stiet no op it twadde plak yn dy topdivyzje

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)