Avanti wint fan AORC

17 apr 2004 - 00:00

Yn de earste divyzje fan it sealfuotbal stunte Avanti tsjin de nûmer twa fan de kompetysje, AORC út Muiden. De Stienzers wûnen ferrassend mei 4-3. Troch dit resultaat hâldt Avanti kâns om yn de earedivyzje te bliuwen.

Ek de oare Fryske klub yn dizze ôfdieling, Hearrenfean, sil bliid wêze mei dizze útslach. De Feansters ha no noch mar ien punt nedich om kampioen te wurden yn de earste divyzje. Dat punt kin woansdei helle wurde, tsjin AORC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)