Avanti wint derby

09 apr 2011 - 14:13

Sealfuotbalklup Avanti út Stiens hat freedtejûn de noardlike derby wûn fan de Leekster Eagles. Yn Grinslân waard it 4-2. By rêst stie it 1-1, nei in Avantidoelpunt fan Allaui. De Eagles kamen nei rêst it bêste út de klaaikeamer en skoarden de 2-1, mar troch treffers fan Faraouni, Kalsbeek en Hoxhaj wie de winst foar de Fryske topdivyzjonist.

It duel wie in typyske derby, spannend, mar sûnder goed fuotbal. Avanti stiet sânde op de ranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)