Avanti spilet lyk: 2-2

02 okt 2010 - 14:22

De sealfuotballers fan Avanti hawwe freedtejûn yn eigen hûs mei 2-2 lykspile tsjin HV/Desko út Hoorn. Yn de earste helte waard net skoard. Yn de twadde helte wie Avanti de bettere ploech en krige in oantal kânsen. Dochs kaam de ploech út Stiens op in 1-0 efterstân.

Troch doelpunten fan Joshua St. Juste en Freddie van der Velde waard it 2-1 foar Avanti. Fyftjin sekonden foar de ein fan de wedstriid waard de lykmakker makke út in penalty.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)