Avanti fierder fan play offs

01 apr 2011 - 23:34

De sealfuotballers fan Avanti út Stiens hawwe de wichtige wedstryd tsjin CFE Ciba mei 7-4 ferlern. Avanti naam yn de earste helte oant twa kear ta in foarsprong. Mar by it skoft stienen se mei 4-3 achter. Yn de twadde helte kamen de Stienszers der eins net mear oan te pas. Grutte man by CFE wie Karim Bali in Belgyske ynternasjonal. Hy skoarde trije kear.

Mei noch trije wedstriden te gean hat Avanti pleatsing foar de play-offs no net mear yn eigen hannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)