Avanti ferrast koprinner

15 jan 2011 - 14:03

De sealfuotballers fan Avanti hawwe freedtejûn foar in grutte ferrassing soarge. Yn eigen hûs waard koprinner Hovocubo mei 1-0 ferslein. De winst kaam pas trije minuten foar de ein ta stân troch in treffer fan Yoshua St. Juste.

It wie freedtejûn foaral in wedstriid fan de beide keepers. Sy soargen der mei in tal goeie rêdings foar dat it skoareboerd lang blanko bleau. Avanti stiet nei de oerwinning op it sânde plak mei 14 punten út 11 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)