Avanti ferliest futsal-topper

31 jan 2009 - 00:24
  • Byld fan de wedstriid

De sealfuotballers fan Avanti_Stiens ha freed de topper tsjin Dynamo Lelystêd mei 6-5 ferlern. Dêrtroch nimt Dynamo it tredde plak oer fan de Stiensers yn de earedivyzje A.

Avanti kaam yn Lelystêd trije kear achter (1-0, 3-1 en 4-3) mar koe eltse kear op likense hichte komme. Uteinlik makke Lelystêd it ferskil (6-4) doe't Avanti mei trije man spylje moast nei in giele kaart. It waard 50 sekonden foar tiid noch wol 6-5 mar fierder kamen de Stiensers net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)