Avanti-coach oant 1 maart

29 jan 2010 - 14:07

Coach Anand Jagdewsing bliuwt yn elk gefal oant 1 maart aktyf foar sealfuotbalklup Avanti út Stiens. En hy slút net út dat hy noch langer bliuwt. Ferline wike waard bekend dat Jagdewsing op 1 febrewaris ophâldt fanwege in nije baan dy't net te kombinearjen is mei Avanti.

Mar dy situaasje is feroare. It is no mooglik dat er oar wurk krijt dat wol oanslút by it trainerskip. Yn dat gefal bliuwt hy yn Stiens aktyf. Jagdewsing wol der op 1 maart út wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)