Autoynbraken yn trije plakken

29 jan 2010 - 09:59

Op It Hearrenfean, De Jouwer en yn Snits binne tongersdei op'e nij auto's iepenbrutsen. Op It Hearrenfean waard ynbrutsen yn in auto by Thialf. Der waarden in laptop, klapredens, in printer en in paspoart stellen.

Ut de auto fan in 51-jierrige man út Ridderkerk waard yn Snits ek in laptop stellen. Dat wie ek it gefal by in auto dy't op de Woudfennen op De Jouwer stie. De plysje warskôget om gjin djoere spullen yn de auto lizze te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)