Autoynbraken yn Harns en Snits

22 maaie 2009 - 14:29

Der is earder dizze wike ynbrutsen yn seis auto's dy't parkeard steane op in terrein oan de Westerzeedyk yn Harns. Oft der ek wat meinaam is, is noch net dúdlik, want der hawwe har noch gjin eigners meld by de plysje. It terrein wurdt faak brûkt troch minsken dy't nei de eilannen gean.

De plysje siket ek minsken dy't mear fertelle kinne oer ynbraken yn auto's, dy't de lêste tiid yn Snits plakfine. Ut de auto's wurde dêrby de navigaasje-apparatuer en radio's meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)