Autospegels fernield yn Rie

09 apr 2012 - 13:45

De plysje hat sneintenacht in Frjentsjerter (18) oanhâlden fanwege fernieling. By de plysje kaam in melding binnen oer fernielde auto's yn Rie. In tsjûge hie in groep jongeren sjoen dy't op de fyts útnaaide. De plysjes seach de groep yn de Doarpsstrjitte fan Doanjum.

In tal jonges naaide út, mar koe dochs pakt wurde. Ut ûndersyk die bliken dat yn Rie fan trije auto's de spegels fernield wiene. It die bliken dat de 18-jierrige dat dien hie. Hy is nei it plysjeburo brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)