Auto's yn Easterwâlde fernield

12 nov 2009 - 09:51
  • De plysje siket tsjûgen fan de fernielerij

De plysje docht ûndersyk nei de fernieling fan twa auto's. Dat barde yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn Easterwâlde. Dy auto's stiene parkeard yn de Mauritsstrjitte.

Fan ien auto waard it achterrút fernield, in oare auto waard bekrast. De eigners fan de auto's hawwe oanjefte dien. De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe. Dy tsjûgen kinne belje mei de plysje of mei Meld Misdaad Anoniem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)