Auto's yn de feart

25 okt 2008 - 12:56

In dronken automobilist út Donkerbroek is yn de nacht nei sneon mei de auto yn de feart rekke lâns de Opperhaudmare by Wynjewâld. Om de plysje te mislieden helle er de kentekenplaten fan de auto en die er de auto op slot.

Doe't de plysje him even letter thús opsocht, die bliken dat de man dronken wie. Ek yn Wolvegea en Aldegea (Gaasterlân-Sleat) rieden dronken bestjoerders yn de nacht de feart yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)