Auto's yn beslach naam by ferkearskontrôle Aldehaske

10 apr 2015 - 10:43
  • Plysjekontrôle

By in ferkearskontrôle fan de plysje en de belestingtsjinst op de A7 by Aldehaske binne tongersdei alve auto's fuortsleept. Oare auto's binne yn beslach naam. Guon bestjoerders koene fierder ride, nei't se harren belestingskuld betelle hiene.

Fierder hat de plysje ek prosessen-ferbaal útskreaun foar it riden sûnder APK, fersekering of rydbewiis. Twa bestjoerders binne oanhâlden. Ien moast noch DNA ôfstean en de oare hie in wapenstok en stellen guod yn de auto lizzen. Dêrneist binne ferskate warskôgings útdield foar it riden sûnder riem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)