Auto's yn beslach naam by aksje belestingtsjinst yn Ljouwert

13 jun 2015 - 08:07

By in mienskiplike kontrôle fan de belestingtsjinst en de plysje binne freed yn Ljouwert acht auto's yn beslach naam. Ek waard foar 42.000 euro oan iepensteande skulden ynbard. By de kontrôle waarden auto's oanhâlden neidat har nûmerboerd neisjoen wie yn de administraasje.

Der waarden ek twa bestjoerders betrape op it riden mei tefolle drank op, ien hie gjin rydbewiis by him, in oare bestjoerder (49) út Snits joech in falske namme op en ien persoan waard oppakt omdat er noch in iepensteande straf hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)