Auto's wachtsje net by sebra

04 feb 2009 - 09:34

De plysje hat tiisdei op de Nijewei op De Gordyk fjouwer autobestjoerders bekeurd, omdat se net wachten foar oerstekkende fuotgongers. Dat bart dêr geregeld. Der is in sebrapaad dat in soad brûkt wurdt troch âlders en bern dy't nei skoalle of nei de sportfjilden moatte.

Guon hiene by de plysje klage dat in soad auto's gewoan trochride en har net oerstekke litte. Doe't de plysje der juster kontrolearre, waarden fjouwer autobestjoerders betrape.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)