Auto's útbaarnd yn Ljouwert

06 jul 2011 - 10:00

Yn Ljouwert binne twa auto's yn 'e brân stutsen. Op de Auke Stellingwerfstraat is nei alle gedachten in bult papier ûnder de auto lein. De plysje seit dat der gefaar west hat foar omlizzende huzen. As de wyn de oare kant út stien hie hiene de huzen yn 'e brân rekke.

Koart nei de earste autobrân is op de Richard Holstraat ek in auto útbaarnd. Foar beide saken is in burgernetaksje opsetten. It is net dúdlik oft beide brannen meimekoar te krijen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)