Auto's útbaarnd yn Ljouwert

28 mrt 2013 - 14:38

Yn de Jacob Binckesstrjitte yn Ljouwert binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa auto's útbaarnd, twa oare auto's rekken skansearre. De fjouwer auto's stiene neist elkoar op in parkearplak.

De plysje wit noch net wat de oarsaak fan de brân is. Omdat it mooglik om brânstichting giet, binne de wrakken meinaam foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)