Auto's te wetter

22 nov 2012 - 17:08
  • Plysje

Yn Raard en Haskerhoarne binne tongersdei twa auto's yn it wetter bedarre. Op de Tange yn Raard rekke in man fan 71 út Driezum mei syn auto fan de dyk en kaam op de kop yn de sleat telâne. Nei alle gedachten kaam dat trochdat er mei de tsjillen yn de berm rekke. De man en syn passazjier waarden troch de brânwacht út de auto helle, se binne nei it sikehûs brocht.

Op de grutte dyk by Haskerhoarne waard in man út it Dútske Lorup net goed achter it stjoer. Ek hy bedarre yn de sleat. De man en syn passazjier binne mei lichte ferwûnings ôffierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)