Auto's stellen yn Wolvegea

26 mrt 2011 - 15:11

Yn Wolvegea binne freedtenacht twa auto's stellen. In swarte VW golf waard middeis op it Pastoryplein delset, mar doe't de 21-jierrige eigner nachts om healwei fiven werom kaam, wie de auto fuort.

Itselde kaam de 19-jierrige bestjoerder fan in VW pick-up oer. Hy hie syn auto healwei ienen nachts oan de Pastorijstrjitte delset, mar doe't er om in oere as trije weromkaam, stie de auto der net mear. Beide bestjoerders hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)