Auto's sitte bedriuw yn paad

25 mrt 2009 - 22:34
  • It skeelt hast neat
  • De frachtwein hat twa oeren de dyk blokkeard

Transportbedriuw Van Wieren út Ljouwert hat it hielendal hân mei besikers fan it WTC Expo. Dy parkearje massaal harren auto op it dykje dat liedt nei it bedriuw. Hjirtroch kinne se mei de frachtweinen kwalik op it terrein komme. Petearen mei de direksje fan de hal en mei de gemeente ha nei eigen sizzen neat opsmiten.

Woansdei ha se dêrom sels twa oeren lang de dyk ôfsletten. Ek waard der in auto oan de kant skood. Yn it WTC Expo wiene de bedriuwekontaktdagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)