Auto's ride Hoeksterend foarby

05 jan 2001 - 15:30

De parkeargaraazje Hoeksterend slacht net bot oan by de Ljouwerters. Twa wike lyn waard de nije garaazje iepene. Der is plak foar 400 auto's, mar der steane likernôch 200 per dei parkearre.

De measte automobilisten sette har wein leaver yn de parkeargaraazjes op it Saailân of De Klanderij. Dy lizze tichter by it sintrum, mar binne djoerder as it nije Hoeksterend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)