Auto's reitsje fan 'e dyk troch izel en autobrân yn Garyp

06 jan 2016 - 17:25
  • Oan de Prins Hendrikkade yn Snits rekke in auto yn it wetter troch de glêdens

It oantal ûngelokken troch de izel foel de lêste oeren ta. De plysje meldt dat der woansdei tusken 11.00 en 15.00 trije auto's fan de dyk rekke wiene. Hjirby wie allinnich sprake fan blikskea.

Yn Garyp wie in autobrân. Earst waard tocht dat der noch in persoan yn siet, mar dat wie net it gefal. De brânwacht hat it fjoer blust.

Oan de Prins Hendrikkade yn Snits rekke in auto yn it wetter troch de glêdens. De bestjoerder koe der sels op 'e tiid útkomme. In bergingsbedriuw helle de auto út it wetter.

Ek oan de Turfkade yn Boalsert rekke in auto yn it wetter. De minsken dy't yn de auto sieten, koenen op 'e kant helle wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)