Auto's op ierdgas foar Omrin

18 jun 2007 - 19:50

Offalferwurker Omrin krijt dizze wike de beskikking oer 5 auto's dy't ride op ierdgas. Op dit stuit binne der yn it bedriuw al 25 auto's dy't ride op miljeufreonlike brânstof.

De nije auto's sille brûkt wurde troch de ûngediertebestriders by it bedriuw. De oanskaf fan de miljeufreonlike auto's by Omrin slút oan by de plannen fan de gemeente Ljouwert om te stimulearjen dat hieltyd mear auto's op ierdgas ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)