Auto's op fytspaad yn Oerterp

07 apr 2010 - 13:54

Yn Oerterp ride automobilisten oer it fytspaad om't der oan de dyk wurke wurdt. De Weibuorren wurdt fernijd en der is in omlieding, mar dêr lûke in soad automobilisten har neat fan oan. Se gean oer it fytspaad en dat smyt gefaarlike situaasjes op.

De plysje hat woansdei al kontroleard en boetes útdield. It liket derop dat de measte automobilisten dochs gewoan de koarte rûte kieze. De omlieding duorret noch in pear dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)