Auto's op 'e bon yn Boksum

26 nov 2008 - 10:05

De plysje hat tiisdeitemoarn yn Boksum 45 boetes útskreaun oan automobilisten om't se har neat oanlutsen fan it feit dat in stik dyk dêr ôfsletten is.

De smelle Nylânsdyk is yn de moarns- en middeisspits foar it autoferkear ôfsletten. In protte fytsers meitsje dêr gebrûk fan de dyk. De plysje hat oankundige dat der faker kontrolearre wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)