"Auto's net op de flechtstreek sette mei deadebetinking"

04 maaie 2015 - 18:02
  • Deadebetinking

Automobilisten dy't moandeitejûn om acht oere mei deadebetinking twa minuten stil wêze wolle, dogge der goed oan om op 'e tiid in feilich parkearplak te sykjen. Dy oprop dogge plysje en Rykswettersteat.

Yn it ramt fan de ferkearfeiligens meie minsken har auto net op de flechtstrook stil sette. Dy meie allinnich brûkt wurde troch minsken mei autopech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)