Auto's mei iisklompen bekûgele

26 jan 2013 - 11:19
  • Plysje-embleem

In groepke jongeren hat freedtejûn op It Hearrenfean meardere auto's bekûgele mei iisklompen. Dat wie by de Dûmny Kingwei en de Wulpstrjitte. De plysje hat ien fan de jongeren oppakt. Se smieten stikken iis nei passearjende automobilisten en bromfytsers. Ien fan de automobilisten trape op de rem en ried achterút yn de rjochting fan de jonges. Dy naaiden út. In plysje krige ien fan har te pakken. De jonge (17) fan It Hearrenfean is oanhâlden en yn oerlis mei syn âlden foar fierder ûndersyk ynsletten. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de oaren.

Ek wurdt útsocht oft der skea ûntstien is oan auto's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)