Auto's kinne no troch tunnel ûnder it spoar yn Wolvegea

16 nov 2015 - 12:24

De ferkearstunnel ûnder it spoar by Wolvegea is moandeitemoarn in moanne earder as pland iepen gien foar it autoferkear. Auto's hoege fan no ôf net mear oer it spoar. Bedriuwen op it yndustryterrein en omwenners binne bliid mei de tunnel. It wurdt no feiliger en de trochstream wurdt better.

Troch de hurde wyn wie it noch wol efkes spannend oft de iepening wol neffens plan ferrinne soe. Mar deputearre Johannes Kramer en wethâlder Jack Jongebloed iepenen mei in druk op de knop de tunnel.

Fytsers moatte noch in pear moannen wachtsje, mar dan kinne sy ek ûnder it spoar trochride.

De wurksumheden binne ûnderdiel fan de ferdûbeling fan it spoar yn de trijehoek Swolle, Grins, Ljouwert. Dat soarget derfoar dat hjir yn de takomst mear treinen yn de oere ride kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)