Auto's kantele by Ketlik en Sint Nyk: twa ferwûnen

20 aug 2015 - 14:28

By twa ûngelokken binne tongersdeitemiddei twa auto's kantele. By Ketlik rekke in auto op syn kant, nei't de oanhingwein achter de auto begûn te slingerjen. De bestjoerder is mei ferwûnings oan it skouder behannele.

Op de A6 by Sint Nyk rekke in auto troch noch ûnbekende oarsaak op syn kant. De bestjoerder is behannele troch meiwurkers fan de ambulânse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)