Auto's iepenbrutsen op De Jouwer

03 nov 2004 - 14:01

Yn de wyk Zuiderveld op De Jouwer binne de ôfrûne dagen sa'n fyftjin auto's iepenbrutsen. Dat barde yn de Zuiderveldstrjitte, Prins Bernhardstrjitte, Rode Molenstrjitte en de Beatrixstrjitte.

De ynbrekkers ha in soad geweld brûkt. Sa binne rútsjes útsnijd, slotten derútlutsen en doarren oan de boppekant iepenlutsen. De plysje freget tsjûgen at se har melde wolle. Dat kin op telefoannûmer: 0900 - 8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)