Auto's fernield yn Snits

27 jan 2013 - 13:19
  • Plysje-embleem

In man (33) út Berltsum is sneontenacht oanhâlden foar fernieling. De fertochte hie yn de Marnezijlstraat yn Snits auto's fernield. Hy hie tsjin de auto's oantrape, sa hiene tsjûgen sjoen. Op syn minst twa auto's rekken skansearre. De man hie de spegels derôf trape. De plysje koe de man koarte tiid letter oppakke op it Kaatsland. Hy ferklearre dat er de auto's út frustraasje fernield hie. Hy sil de skea fergoedzje. De man is snein wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)