Auto's fernield nei PC

05 aug 2011 - 10:09

Yn Frjentsjer binne yn de nacht nei de PC op yn minst fjirtjin auto's fernield. Dat wie op de J. Bangastrjitte, de Osingastrjitte, de Groen van Prinstererstrjitte, it Skieppedykje en de Feikemastrjitte. Bûtenspegels, antennes, rutewiskers en mear waarden fernield.

De plysje siket tsjûgen fan 'e fernielerij. De dieders hawwe mooglik mear auto's ferteistere. De plysje freget minsken dy't ek skea oan 'e auto hawwe, oanjefte te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)